Winst min Jong Hearrenfean

11 apr 2011 - 21:47

Min spylje, mar wol de trije punten pakke. Dat die Jong Hearrenfean/Emmen op sportpark Skoatterwâld tsjin Jong Sparta. Utsein in grutte kâns fan Samir Fazli, barde der yn de earste helte neat. In aardich kertier yn it twadde bedriuw brocht de winst by de thúsploech. De ynfallers Arsenio Valpoort en Hakim Ziyech, beide A-junior, makken de doelpunten.

Mei noch twa wedstriden te gean hat Jong Hearrenfean/Emmen 31 punten út 24 wedstriden, goed foar it sânde plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)