Diskusje oer bewarjen wapens

11 apr 2011 - 17:15

It drama yn Alphen aan den Rijn fan sneon hat ek yn Fryslân grutte ympakt. Foaral by sjitferienings, sa fernimt René Jousma. Hy is dosint Wapenlear by Van Hall-Larenstein yn Ljouwert.

De sjitferienings binne de lêste tiid populêr. Dy fan Ljouwert hat sels in ledestop. It drama yn Alphen aan de Rijn docht it imago fan de sport gjin goed. Sa kinne je je ôffreegje oft it gjin risiko is dat de leden fan in sjitklup de wapens by harren thús opslaan meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)