Kassekompleks Goutum te keap

11 apr 2011 - 17:04

In oplossing foar it fertutearze kassekompleks by Goutum liket tichteby te kommen. Nei jierren wêryn't neat barde, is no 25 bunder grûn te keap set yn opdracht fan 'e kuratoren fan 'e fallite grûneigner.

De nije eigner moat alle 13 kavels ynklusyf de kassen yn ien kear keapje. Ynwenners fan Goutum kleie al jierren oer de kassen. Dat it sa lang duorre, komt trochdat de fallite grûneigner ek noch besit yn België hie dat ek ferkocht wurde moast en dat gie dreech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)