Jild fûn by iisklup Boksum

11 apr 2011 - 15:12

Yn it klupgebou op de iisbaan fan Boksum is by in opknapbeurt mear as tûzen gûne fûn. It jild lei ferstoppe ûnder de flierbedekking. It gebou is ôfkomstich fan swimbad Schatzenburg yn Menaam en dêr komt nei alle gedachten it jild ek wei.

As de gûnen omruile binne foar euro's komt it jild yn de kas fan de iisklup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)