Ingelske tún Sint Nyk opknapt

De Ingelske tún by herstelsintrum Wilhelminaoord yn Sint Nyk sil foar 450.000 euro opknapt wurde. It giet om in subsydzje fan 'e provinsje Fryslân.
Wilhelminaoord is in GGZ-ynstelling dêr't psychiatryske pasjinten tydlik ferbliuwe. De Ingelske tún is hûndert jier lyn oanlein troch in adellike famylje en is goed 6 hektare grut. De lêste 20 jier is dit park wol ûnderhâlden, mar der moat neffens de ynstelling nedich wat dien wurde om de tún oantreklik te hâlden.