Anema kin fierder mei ploech

11 apr 2011 - 10:52

BAM en Univé bliuwe takom seizoen sponsor fan de reedrydploech fan Jillert Anema. Dat hat ûnderhanneler Jos Vaessen bekend makke. It budzjet fan de langebaan- en maratonploech sil grutter wurde, mar oer de krekte ynfolling moatte noch ôfspraken makke wurde. De yntinsje is om troch te gean oant de Olympyske Spelen fan 2014.

By de ploech ride û.o. Bob de Vries fan De Haule, Jorrit Bergsma fan Aldeboarn, Arjan Stroetinga fan Waskemar, en Fries om utens Willem Hut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)