Boete foar Ljouwerter fisker

11 apr 2011 - 10:08

In Ljouwerter (19) hat sneintemoarn in boete krigen foar it fiskjen mei libben aas. De plysje hie klachten krigen oer lûdsoerlêst oan Het Wijd yn Ljouwert.

Doe't de plysje dêr oan kaam, die bliken dat de Ljouwerter mei in freon de hiele nacht oan it fiskjen west hie. De man hat proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)