Plysje hâldt Poalske man oan

11 apr 2011 - 09:47

De plysje hat sneintejûn yn Aldeholtpea in Poal (37) oppakt. Hy wurdt socht fanwege kriminele aktiviteiten. De man stie ynternasjonaal sinjaleard troch Interpol.

In ynwenner fan Aldeholtpea hie in tal Poalen troch it doarp rinnen sjoen. Hy fertroude it net en warskôge de plysje. Dy seach op de Haadwei in auto stean mei ynsittenden. Dy waarden kontroleard. De man is fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)