Wagenaar wer sterkste man

10 apr 2011 - 21:40

Jan Wagenaar fan Skearnegoutum is wer de sterkste man fan Noard-Nederlân wurden. Yn Dokkum pakte Wagenaar de titel foar Johan Langhorst fan Snits en Jitse Kramer fan Ljouwert.

Wagenaar hie him al pleatst foar it Nederlânsk Kampioenskip op 16 july yn Surhústerfean. Ek Langhorst en Kramer ha harren no pleatst foar dat NK. Arno Louwsma fan Bitgum waard krekt fjirde en foel dêrtroch bûten de boat. Louwsma krijt wol noch trije kear de kâns om him te pleatsen foar dat NK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)