Hearrenfean wint hast fan PSV

10 apr 2011 - 18:39

SC Hearrenfean koe sneintemiddei hast weromsjen op in stunt yn it Philipsstadion tsjin PSV. By in 2-1 foarsprong foar de ploech fan trainer Ron Jans en mei ien man mear op it fjild, makke PSV'er Toivonen krekt foar tiid de 2-2.

Hearrenfean hâldt sadwaande mar ien punt oer oan it treffen en dat wie nei in krisiswike tsjin titelfavoryt PSV ek fertsjinne. De thúsklup kaam op foarsprong, mar treffers fan Assaidi en Dost lieten PSV efkes wankelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)