Zijlstra 4e yn Twizelerheide

De sprint yn Twizelerheide (foto: awfoto.nl)
Hurdfytser Sipke Zijlstra fan Burgum wie sneon de bêste Fries yn de ronde fan Twizelerheide. In kopgroep fan fjouwer man mei Niek Hooghiemster fan Oentsjerk, Fokke Postma fan Burgum en Harm de Vries fan Bûtenpost hie de hiele wedstriid in foarsprong, mar waard fiif rûntsjes foar de ein ynhelle.
Ut in groep fan 22 man waard de sprint wûn troch Dex Groen út Tuitjenhorn. Twad waard Wouter de Groot út Lochem, foar Rudy Vriend út Schagen.