Sulver op de brêge foar Epke

10 apr 2011 - 15:19

Epke Zonderland hat snein mei in sulveren medalje op de brêge, op it EK turnjen yn Berlyn, in geweldige prestaasje levere. Omdat in tal sterke dielnimmers oan de finale meidiene, like brûns it heechst helbere.

De brêge is ommers net it bêste ûnderdiel fan Zonderland, mar earder dizze wike helle er de finale troch in prima kwalifikaasje. Marcel Nguyen út Dútslân pakte snein it goud. Letter turnet Zonderland noch de rekstôkfinale.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)