Utoerwinning Aris yn Rotterdam

Aris wint (foto: argyf Omrop Fryslân)
De basketballers fan Aris hawwe sneon in útoerwinning tsjin Rotterdam helle. De ploech fan coach Pete Miller wûn mei 84-64. Aris starte net goed tsjin de nûmer lêst; nei ien kwart stie it 21-14 foar de Rotterdammers. Yn it twadde en tredde kwart herstelde Aris de ferhâlding op de ranglist mei kwartstannen fan 19-7 en 32-14.
Manny Adako wie topskutter mei 27 punten. Aris stiet no sechde, mei itselde oantal punten as Weert, dat fyfde stiet.