Stapper oppakt yn Boalsert

De plysje hat sneontenacht yn Boalsert in neffens de plysje ferfelende stapper (17) út Hoorn yn Noard-Hollân oanhâlden. De jonge foel op by reboelje foar in hoarekasaak oan de Bargefenne. De jonge socht de konfrontaasje en harke net nei de plysje of nei syn maten. Neffens de plysje kaam dat troch drankgebrûk.
Nei de safolste warskôging waard de jonge oanhâlden, oerbrocht nei it plysjeburo en dêr foar neier ûndersyk ynsletten.