Dief oanhâlden foar plysjeburo

De plysje hat sneontemiddei op de Aldlânsdyk yn Ljouwert in jonge Ljouwerter (18) oanhâlden foar stellerij en it besit fan in nepfjoerwapen. De plysje hie in tip krigen fan in tsjûge. Dy hie sjoen hoe't in wapen út de rêchsak fan 'e jonge foel en hie de plysje belle.
De plysje wie der gau by, omdat it him ôfspile foar it haadburo fan 'e plysje. De jonge waard meinaam nei it buro. Yn syn beurs waarden ek noch in pear stellen bankpassen fûn.