Earste finalisten Liet bekend

10 apr 2011 - 09:04

De earste trije finalisten fan it festival Liet binne sneon bekend wurden. De prizen giene nei frouljuskoar FromUs út Dronryp, De 3B's mei Adri de Boer en de Biltske sjonger Jan de Vries. De earste heale finale wie yn in drok besocht Iduna yn Drachten. Takom wike snein is yn it Bolwurk yn Snits de oare heale finale.

De grutte finale is op 4 juny yn Ljouwert. De sjuery kiest tsien dielnimmers en it publyk bepaalt de alfde troch ynternetstimming.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)