Bouwmeester neist poadium

Marit Boumeester (argyf)
It is sylster Marit Bouwmeester sneon net slagge om in poadiumplak te heljen yn de medaljerace op de wrâldbekerwedstriid yn Majorka. De ynwenster fan Warten hie op de lêste dei noch in lytse kâns op in medalje, mar moast derfoar 14 punten goed meitsje op it earste plak.
Bouwmeester sylde mei har Laser radial nei in njoggende plakje en dat wie noch mar krekt goed foar in sechsde plak yn de einstân. De winst wie foar Sara Winther fan Nij-Seelân.