Gjin Fryske winners duatlon

09 apr 2011 - 17:52

Yn Teridzert is sneon foar de sechde kear in duatlon organisearre, mei in soad dielnimmers. Atleten koene dizze sportdisipline, dêr't yn hurdrûn, fytst en nochris hurdrûn wurdt, yn ferskate kategoryen folbringe.

Yn de middenkategory, oer 18 kilometer rinnen en 38 kilometer fytsen, wiene René Poppe út Zwolle en de Grinzer Esther de Vries de rapsten. Bêste Friezen wiene Menno Iedema út Drachten op in 4e plak en Geke Venema fan Easterlittens, dy't 3e waard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)