Hambüchen stipet Epke

Fabian Hambüchen
Turner Epke Zonderland hat snein by de finale op it rek by it EK yn Berlyn in bysûndere supporter. Op de tribune sit dan de Dútske turner Fabian Hambüchen, yn oranje t-shirt.
Hambüchen is oars in konkurrint fan Zonderland, mar is op it stuit blessearre. Omdat er in goeie bân hat mei Zonderland wol er him oanmoedigje. Epke Zonderland docht yn syn oefening oan de rekstok snein de Cassina-Colman-kombinaasje. Neffens Hambüchen is dat in knotsgekke kombinaasje.