Harkemase Boys wint wer

Rene van der Weij (foto: awfoto.nl)
Harkemase Boys wûn sneon yn de topklasse mei 3-0 fan Excelsior'31 út Rijssen. Dêrmei joech de ploech in goed ferfolch oan de 5-0 winst fan ferline wike, doe't ynterim-trener Wieb Rodenhuis syn debút makke.
De Harkiten starten prima. Yn de 13e minút rûn Martijn Barto by syn ferdigener wei en skoarde de iepeningstreffer. Oebele Schokker makke de twadde troch in frije traap hurd yn te sjitten. Nei de tee makke Dennis Krohne koppend de 3-0.