Jonkje rekket ûnder SRV-wein

(foto: Henk Koster, 112 Noardeast-Fryslân)
Oan de Foarwei yn Wâlterswâld hat sneontemiddei in slim ûngelok plakfûn. In jonkje fan 7 jier is ûnder in SRV-wein telâne kaam. It jonkje fytste achter de SRV-wein lâns op it momint dat de bestjoerder fan de SRV-wein achterút ried en dêrby it jonkje oer de holle seach.
It slachtofferke is mei earnstige ferwûnings mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.