Swier fjoerwurk yn Ljouwert

09 apr 2011 - 14:30

De plysje hat freed twa ynwenners fan Ljouwert oanholden yn ferbân mei it ôfstekken fan swier fjoerwurk fan in balkon fan in flat oan de Gealannen. By de meldkeamer kamen ferskate tillefoantsjes binnen mei klachten oer lûdsoerlêst. Yn de wenning fan de fertochten waard 30 kilo fjoerwurk oantroffen en in lytse himpkwekerij.

By ûndersyk waarden ek wapens, klean amfetamine, in bûtenboardmotor en parfum fûn. Nei alle gedachten is it guod stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)