'Tongblier noch net wrâld út'

09 apr 2011 - 14:27

It sil seker noch inkelde tsientallen jierren duorje foardat de hiele wrâld frij is fan tongblier. Dat sizze saakkundigen fan it Sintraal Feterinêr Ynstitút yn Lelystêd. Dit wykein is it 10 jier lyn dat Ie en Eanjum troffen waarden troch de feesykte.

Saakkundigen dogge fulltime ûndersyk nei tongblier. De krupsje leit noch hieltiid op 'e loer; op dit stuit binne der útbraken yn Japan, Koreä en Bulgarije. De útbraak yn Fryslân yn 2001 is tige effektyf bestriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)