Soarch oer definsjepersoniel

09 apr 2011 - 13:57

Definsje moat him ynsette om oar wurk te finen foar minsken dy't troch de besunigings harren baan ferlieze. Dat seit kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma. Minister Hillen makke freed 1 miljard oan besunigingsplannen bekend. De fleanbasis yn Ljouwert bliuwt iepen. Mar in part fan de 1200 meiwurkers ferliest har baan.

Mooglik ferhúzje 30 bewakers en 80 ûnderhâldsminsken nei Woensdrecht. Oft it ek ta twongen ûntslaggen komt is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)