Ljouwert hat ûndernimmersplein

09 apr 2011 - 13:49

Mei de iepening fan it earste ûndernimmersplein fan it lân wurdt it foar Fryske ûndernimmers makliker om fragen te stellen oer produkt of saak.

It plein is in inisjatyf fan provinsje, Keamer fan keaphannel, Syntens en NOM. Undernimmers út it MKB rekken earder wolris de tried kwyt yn it doalhôf fan adviseurs en subsydzje-potsjes. No stelle se ien kear in fraach oan de Keamer fan Keaphannel. De inisjatyfnimmers wolle ek graach dat WTC Expo meidocht oan it plein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)