Man mei fytspomp slein

09 apr 2011 - 11:59

In 19-jierrige ynwenner fan Jobbegea is freedtejûn ferwûne rekke oan de holle nei in rúzje yn de Kornelis de Wildestrjitte op It Hearrenfean. It slachtoffer liet de plysje witte dat hy slein wie mei in fytspomp troch in 25-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean.

De fertochte koe op oanwizing fan it slachtoffer oanholden wurde. De plysje trof op it plak fan de rúzje ek noch in saneamde ploertedeader oan. Dit yllegale wapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)