Plysje ûndersiket autobrân

09 apr 2011 - 11:57

De plysje docht ûndersyk nei in autobrân yn de Wilgenstrjitte yn Ljouwert. De auto is nei alle gedachten sneontemoarn betiid yn 'e brân stutsen.

De brânwacht wie gau te plak om it fjoer út te meitsjen. De auto hat lykwols in soad skea. De eigner moat noch oanjefte dwaan.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)