Merk mei farske fisk yn Harns
Yn Harns is sneon de earste farkse fiskmerk. De merk waard om tsien oere iepene troch boargemaster Scheffer en wethâlder Le Roy.
Der steane kreamkes dêr't seefisk en skaal- en skulpdieren te keap binne. It is de bedoeling dat it assortimint yn de takomst útwreide wurdt mei biologyske bôle, griene en Waadstreekprodukten. De merk wurdt ien kear yn de twa wiken hâlden.