Nij muzykfestival yn Burgum

Burgum krijt in nij muzykfestival mei de namme Wâldpop. It docht wat tinken oan it ferneamde metal festival Wâldrock. Mar dêr is it net mei te fergelykjen. Al is it idee fan Wâldpop wol ûntstien nei it ferdwinen fan Wâldrock.
It nije festival Wâldpop wurdt holden op Himelfeartsdei en jout romte oan lokale en regionale bands lykas DieTwa en The Ment. De organisaasje is yn hannen fan frijwilligers fan de beide fuotbalklups yn Burgum.