Ljouwerter oppakt nei ynbraak

In 44-jierrige Ljouwerter is freedtemiddei betrape doe't hy ynbrutsen hie yn in wenning. Plysjes seagen de man rinnen mei in swarte tas. It wie by de plysjes bekend dat de man earder ek al ynbrutsen hie. Doe't se syn tas ûndersochten die bliken dat dêr stellen guod yn siet lykas laptops, merkklean en in fotokamera.
Undersyk wiisde út dat it guod earder dy dei stellen wie út in flat oan de Valeriusstrjitte yn Ljouwert.