Bliidskip oer fleanbasis

08 apr 2011 - 19:34
De fleanbasis bliuwt iepen

De provinsje en de gemeente Ljouwert binne bliid dat minister Hillen fan definsje de Ljouwerter fleanbasis net slút. Dochs bliuwt der soarch oer de wurkgelegenheid op de basis. Wis is dat der banen skrast wurde, mar hoefolle wurdt letter bekend.

Kommissaris fan de keninginne Jorritsma wol dat as der banen ferdwine, definsje ferfangend wurk regelet. Ek is noch ûndúdlik hoefolle F16's der noch op de basis stasjoneard wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)