Sahar mei bliuwe

08 apr 2011 - 17:09

It Afgaanske famke Sahar út St. Anne mei bliuwe. Dat hat minister Leers fan Ymmigraasje freedtemiddei bekend makke. Sahar krijt mei har famylje in ferbliuwsfergunning foar fiif jier. Dêrnei wurdt dit foar ûnbepaalde tiid. Sahar is útprosedearre en dêrom woe de minister har útsette. Mar de rjochter yn Den Bosch bepaalde dat Sahar te ferwestere is. In amtsberjocht dêroer befêstige dat. Alle oare famkes as Sahar wurde yndividueel beoardiele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)