Foppe wol SC Hearrenfean helpe

Foppe de Haan hat Hearrenfean oanbean om wat foar de klup te betsjutten. De Haan giet oan 'e ein fan it seizoen by Ajax Capetown yn Súd-Afrika wei. Hy tinkt dat er fan wearde wêze kin foar SC Hearrenfean. Mar de bal leit no by SC Hearrenfean, seit Foppe.
Foarsitter Robert Veenstra sei yn Boppeslach Kafee dat er yn petear is mei De Haan, mar neffens De Haan hawwe se sûnt jannewaris gjin kontakt mear hân. De Haan soe wat mei de scouting en de jeugdoplieding dwaan wolle.