Jans mist Calvin Jong A Pin

08 apr 2011 - 15:41
Foto: Omrop Fryslân

Ron Jans moat it yn de útwedstriid tsjin PSV dwaan sûnder Calvin Jong-A-Pin. De ferdigener hat in hamstringblessuere. Wa't de linksback posysje oernimme sil, woe Jans freed net priisjaan. It liket logysk dat Michel Breuer dêrfoar yn oanmerking komt. Arnold Kruiswijk en Jeffrey Gouweleeuw foarmje it sintrale duo.

Ron Jans mist ek middenfjilder Christian Grindheim. De Noar is nei syn reade kaart tsjin Excelsior foar fjouwer wedstriden skorst.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)