'Powerplay fan PvdA'

Tom van Mourik
De Fryske PvdA spilet in spultsje powerplay by de foarming fan in nij kolleezje fan deputearre steaten troch de ûnderhannelings mei CDA en FNP troch te setten. Dat seit VVD-fraksjefoarsitter Van Mourik op it nijs dat dy partijen noch oant takom wike trochprate oer it nije DS.
Neffens Van Mourik hie formateur Margreeth de Boer sels in kolleezje fan PvdA, CDA en VVD as earste ûndersykje wollen. De PvdA-achterban hat lykwols oars besletten.