Brân yn woarstmakkerij

08 apr 2011 - 11:51

By fleisbedriuw Weidenaar yn Dokkum hat tongersdeitejûn brân west. Dy ûntstie yn de woarstmakkerij oan de Hegediken. De brânwacht wie gau te plak en koe it fjoer útmeitsje. Der is gjin skea oan it fleis yn de woarstmakkerij.

Der wiene noch minsken oan it wurk doe't de brân útbruts. Gjinien rekke ferwûne. It is noch ûndúdlik wat de skea oan it gebou is. Dêr wurdt freed ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)