Lestige Ljouwerter oppakt

08 apr 2011 - 11:09

De plysje hat yn de Purcellstrjitte yn Ljouwert in 37-jierrige ynwenner fan de stêd oppakt, omdat er him ferfelend gedroech. De man foel foarbygongers lestich, belle by wenten oan en gedroech him dan agressyf. Fierders fertoande er ûnseedlik gedrach.

Fanwege it ûndersyk dat de plysje nei him docht, sit de man noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)