Ljouwert: fertocht drugspakket

08 apr 2011 - 09:52

De plysje fertinkt in 30-jierrige ynwenner fan Ljouwert fan hannel yn harddrugs. De man waard begjin dizze wike oanhâlden doe't in postpakket mei inkele hûnderten grammen drugs by him thúsbrocht waard. Dat pakket wie troch de dûane op Schiphol ûnderskept.

It pakje is ûnder begelieding by de Ljouwerter thús brocht. Neidat er it yn ûnfangst naam hie, is er oppakt. De Ljouwerter sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)