Bibleteken bliuwe iepen

Protest tsjin de besunigings (foto: Omrop Fryslân)
Alle bibleteken fan Tytsjerksteradiel bliuwe iepen. Dat hat de gemeenteried besletten. Der moat 1,8 miljoen besunige wurde, mar foaral fanút Hurdegaryp is fûl tsjin de sluting fan de bibleteek protesteard.
De ried hat wol besletten dat de bibliobus skrast wurdt, en dat it lidmaatskip fan de bibleteek djoerder wurdt. De VVD wie tsjin de plannen, dy partij is benaud dat de besunigings no net helle wurde.