Moskeflapper noch 2 jier iepen

07 apr 2011 - 23:04

Basisskoalle De Moskeflapper yn Hjerbeam mei iepenbliuwe. De gemeenteried yn Frjentsjerteradiel stimde unanym tsjin de sluting. It oerkoepeljende bestjoer woe de skoalle slute omdat der net genôch kânsen foar de takomst wêze soene. Neffens lanlike wetjouwing moatte der op syn minst 23 learlingen op in basisskoalle sitte.

De ried wie lykwols net oertsjûge. De skoalle mei noch twa jier iepenbliuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)