Minne dei Fryske silers

07 apr 2011 - 19:07

Marit Bouwmeester is op de fjirde dei fan it wrâldbekersilen op Majorka nei it sânde plak sakke. Dat barde troch in 14e en 20e plak yn de twa races fan tongersdei yn de Laser radial. Broer Roelof Bouwmeester waard 32e en 37e. Yn it fjild fan hast 130 Lasers is Roelof no 33e yn it klassemint.

Pieter-Jan Postma hie ek in minne dei. Yn de Finn waard er 22e en 29e. De ynwenner fan Ljouwert sakke nei it 13e plak. In plak by de earste tsien betsjut sneon sile yn de medaljerace.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)