Noch altyd gjin Stuyvesantboek

De kâns dat de biografy fan Peter Stuyvesant dy't meibetelle is troch Weststellingwerf der komt, liket lyts. De gemeenterie luts der doetiids 120.000 gûne foar út. Fjouwer jier letter soe it boek klear wêze. Mar it boek kaam der net.
PvdA-fraksjefoarsitter Jan Menger hat him wat yn de saak ferdjippe. Hy tinkt ek net dat it boek der ynkoarten leit. De skriuwer is der troch privee-omstannichheden net oan ta kaam. De kâns dat it jild weromkomt is ek lyts.