Ien op fiif F16's fuort

07 apr 2011 - 13:45

Ien op de fiif F16's yn Nederlân wurdt ôfskaft. Dat stiet yn útlekte plannen oer de besunigings by Definsje. Yn Nederlân binne 87 F16's op 'e bases yn Ljouwert en Volkel. Fjirtjin binne stasjonearre yn Amearika. No't in grut part ferdwine sil, is it de fraach oft de fleanbasis yn Ljouwert iepenbliuwt.

Minister Hillen makket freed de plannen bekend. Fakbûn AFMP sil aksje fiere en op 16 juny is der in lanlike aksjedei. Oant dy tiid wurdt der lokaal aksje fierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)