Grutte himpynfal fan plysje

07 apr 2011 - 12:25

De plysje hat woansdei by in grutte aksje tsjin himpferbou ynfallen dien yn tsientallen gebouwen yn it Noarden. Yn Fryslân gie it om de plakken Ljouwert en Drachten.

Trije minsken binne oanhâlden by de ynfallen. Oer de hûndert kilo himp, tûzenen lytse plantsjes en in pear tûzen euro oan jild binne yn beslach naam. Dêrneist binne in wenhûs en twa auto's konfiskearre. Goed 250 plysjes diene oan de aksje mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)