Simpson werom nei Aris
Tom Simpson komt werom by basketbalklup De Friesland Aris. De Amerikaan sil oan de slach mei it kombinaasjeteam De Groene Ster/Aris ûnder de 20. Dêrmei is er de opfolger fan André Roorda.
Simpson wie earder al trainer by it earste team fan Aris. Hy is no trainer by Penta yn Drachten.