30 jier sûnder rydbewiis riden

07 apr 2011 - 11:44

In 56-jierrige man út Noardwâlde hat hast 30 jier sûnder rydbewiis riden. De man waard woansdeitemiddei op de Hoofdstraat-Oost yn syn wenplak oanhâlden om't syn APK ferrûn wie.

Doe't de plysjes de saak ûndersochten, kamen se derachter dat de man sûnt 1982 gjin jildich rydbewiis hie.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)