ING Bank Ljouwert skrast banen

07 apr 2011 - 11:07
Foto: Omrop Fryslân

By it haadkantoar fan de ING Bank yn Ljouwert ferdwine de kommende jierren trijehûndert tydlike banen. Dat makke de bankfersekerder tongersdeimoarn bekend.

Sechstich tydlike meiwurkers dy't al mear as trije en in heal jier by ING wurkje, krije de mooglikheid om te sollisitearjen op 32 fêste banen. It giet om personiel dat him ûnder oare dwaande hâldt mei de klante-administraasje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)