Ferskate kearen op man ynriden

Trije Grinzers binne woansdei by in rûzje by in bedriuw yn Bûtenpost ferskate kearen mei de auto op in meiwurker ynriden. Se hiene in saaklik konflikt mei it bedriuw oan de Newtonstrjitte. Der ûntstie fjochterij mei it personiel. Dejinge op wa't ynriden waard, kaam mei de skrik frij.
De plysje fan Niehove koe de fertochten letter op 'e jûn oanhâlde. De manlju sitte fêst op it plysjeburo. Harren auto is yn beslach naam. De manlju binne 21, 22 en 23 jier.