Makkumer drugshanneler oppakt

07 apr 2011 - 10:03

In 39-jierrige drugshanneler út Makkum is oanhâlden. De plysje hâlde de man al langer yn de gaten en koe him op 'e die trappearje. De man hannele yn speed yn Makkum en omkriten.

De rjochter-kommissaris hat besletten dat de man de kommende tiid fêstsitten bliuwt. It ûndersyk nei de drugshannel is noch oan 'e gong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)