Ferlies foar Friesland Bank

07 apr 2011 - 09:46

It resultaat oer 2010 fan de Friesland Bank komt út op in ferlies fan 43 miljoen euro. Dochs sprekt de bank fan in goed jier. It ferlies komt foar in grut part trochdat oandielen yn oare bedriuwen lykas de Van Lanschot Bank minder jild wurdich binne of trochdat se ekstra jild achter de hân hâlde moatte. Dat komt troch skerpere bankregels.

It giet om in papieren ferlies, want fierders hat de bank in winst draaid fan 18 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)